Iris Kroes en it Noordpoolorkest diel 2 - Video
PUBLISHED:  Jun 26, 2013
DESCRIPTION:
2012 wie in turbulint jier foar ús Fryske sjongeres Iris Kroes. Se wûn it twadde seizoen fan The Voice of Holland, fersoarge optredens troch it hiele lân en makke har debútalbum First. Se waard ek nominearre foar ferskate prizen.
Op 20 desimber liet se yn De Lawei sjen wat se allegearre yn hûs hat. Se brocht in eigen teaterkonsert en waard hjirby begelaat troch it Noordpool Orkest.
Dit lichte orkest bestiet út 42 profesjonele muzikanten en stiet ûnder leiding fan Reinout Douma. Iris wie jierrenlang in learling fan Reinout.
Under begelieding fan it Noordpool Orkest bringt Iris eigen nûmers en bewurkingen fan klassikers. Fierder ûntfangt se ek bysûndere gasten dy jûn. Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Raynaud Ritsma en Gerrie Dantuma (The Voice Seizoen 3) komme allegearre del. Se sjonge solo, mar ek duetten en mei syn allen bygelyks in krystmedly.

Dit konsert wurdt yn 2 dielen bij Omrop Fryslân útstjoerd op woansdei 19 en 26 juny.

Dit konsert waard earder útstjoerd op 1 jannewaris 2013
follow us on Twitter      Contact      Privacy Policy      Terms of Service
Copyright © BANDMINE // All Right Reserved
Return to top